Aldebiltsyl, 10 oktober 2006

'De Witte Klok'

Yn it dykdoarp Aldebiltsyl stiet 'De Witte Klok', in multyfunksjoneel gebou mei romte foar wiksel-eksposysjes en in fźste presintaasje oer de bediking fan It Bilt yn it argeologysk stipepunt. Der binne sūnt 1999 ek fjouwer loazjeminten foar twa oant fjouwer persoanen yn it gebou. Dźrmei wurdt rjocht dien oan de skiednis fan it monumint, want al yn 1664 stie it pan bekend as herberch 'De Klok'.

Yn 'De Witte Klok' wurdt in lekker kopke kofje of tee skonken foar de rekreant. Boppedat is der ynformaasje oer fyts- en kuierrūtes en oare nijsgjirrichheden fan It Bilt te krijen. Gea van der Veer, behearster fan 'De Witte Klok', fynt it menistetsjerkje it moaiste fan it histoaryske gebouwekompleks.



It menistetsjerkje fan Aldebiltsyl is in unyk gebou, omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brūkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke.

De tsjerke is foar in symboalysk bedrach oernommen fan de menistegemeente, op betingst dat it ynterieur bleau sa as it wie. Gea: "De tsjerke is no krekt in kameleon, want hy kin foar ferskate doelen brūkt wurde. Sa is de romte bygelyks geskikt foar trou- en routsjinsten, mar ék foar eksposysjes, muzykśtfieringen, lezingen en it fertellen fan ferhalen. De sfear yn de tsjerke liket him dan ek oan te passen by de gelegenheid." In aardige anekdoate is dat de Aldebiltsylsters yn 1909 sa bliid wiene dat prinses Juliana berne wie, dat se de klok sa fuleinich letten dat dy stikken rekke. Troch in skinking fan it Keninklik Hūs koe der in nije klok komme. Dźrom hjit de tsjerke no noch altyd 'de Julianakerk'.

Bron: Leeuwarder Courant,
F'SIDE