Minnertsga,16 september 2006

'Muze fan Lyts Hermana' te njoggentjinde-ieusk

Even herleefde gisteravond de negentiende eeuw in Minnertsga. De state die ooit in het dorp stond, inspireerde Sybe Joostema tot het theaterspektakel 'De Muze fan Lyts Hermana'. Die muze was domineesdochter Johanna Outhuys. Om haar liefde draaiden gisteravond de verwikkelingen.

In koets dy't op de prachtige klanken fan komponist Johannes van Bree troch in lânskip mei wiuwende beammen ûderweis is nei slot Lyts Hermana. Sa begjint 'De muze fan it slot Lyts Hermana'. It is in moai begjin, filmbylden en muzyk bringe de taskôger fuortendaliks yn njoggentjinde-ieuske sfearen.

Skriuwer Sybe Joostema sketst yn syn stik in byld fan it libben op it slot Lyts Hermana yn de jierren tweintich fan de njoggentjinde ieu, net lang foardat it ôfbrutsen waard. Baron Collot Emilius Els d' Escury, de bewenner fan it slot, wie in ryk en foarnaam man. As keunstleafhawwer mocht er graach oer de oanwêzichheid fan skilders en musisy op syn slot. Twa ferneamde tiidgenoaten, komponist Johannes van Bree en de dove keunstskilder Eelke Jelles Eelkema, wiene geregeld te gast yn Minnertsgea.

De beide keunstners hawwe in sintrale rol yn it stik fan Joostema. It is net allinne de gastfrijheid fan de baron dy't har nei Minnertsgea lokket, ek dûmny's dochter Johanna Outhuys spilet dêryn net swak by. Hja is de muze út de titel, mar se is aardich mear as dat. Se makket de beide keunsters de kop sa gek, dat Van Bree amper noch in noat op papier krijt.



Van Bree libbet foar de muzyk, Eelkema foar syn skilderjen. It sil dêrom dan ek wol net hielendal tafallich wêze dat 'De muze fan Lyts Hermana' it benammen fan de foarmjouwing en de muzyk ha moat. It ferhaal wurdt te ûnhandich út de doeken dien om echt boeie te kinnen.

Wêrom't Johanna sjirurgyn Andreas boppe Van Bree ferkiest, wurdt bygelyk gjin momint oannimlik makke; dat harren leafde bedrige wurdt troch godstsjinstige tsjinstellingen wurdt nimmen hyt of kald fan. Van Bree fertelt mei in soad omhaal fan wurden dat er hast ferskuord wurdt tusken de keunst en de leafde, mar hie it net boeiender west om soks yn sênes te fertalen? 'De muze fan Lyts Hermana' is teater, gjin roman.

Mar miskien dat it grutste probleem dy njoggentjinde-ieuske sfear is. Dy sprekt net allinne ut de bylden en de muzyk, mar ek ut de geast fan it stik. Sybe Joostema sjocht net mei de eagen fan 2006 nei wat eartiids spile, hy docht krekt as pakke de ferkearingsproblemen tusken in katolyk en in protestant it publyk fan no noch altyd by de strot. Underwilens gedrage al dy minsken dy't dreaun wurdt troch it fjoer fan de leafde en de keunst har sa braaf, dat wat har oerkomt de taskôger fan 2006 amper rekket.

SIETSE DE VRIES

Bron: Leeuwarder Courant
foto: LC/Catrinus van der Veen