Amsterdam, 11 oktober 2006
De alsidigens fan Hein Jaap HilaridesSkriuwer, dichter, sjonger en pianist
De Fryske roman Raarendt dêr't Hein Jaap Hilarides op it stuit oan wurket, is rûchwei klear. Eins is it in Biltske roman, want it ferhaal spilet dúdlik yn de omjouwing dêr't er sels wei komt. No folget de faze fan de details, sis mar de einmontaazje en dan wurdt it manuskript definityf ynlevere. Yn de rin fan 2007 komt it boek yn it Frysk út. Raarendt is in anagram fan Ternaard, in lyts doarp yn de gemeente Dongeradiel, fuort by de bertegrûn fan Hein Jaap Hilarides. Haadpersoan is Joppe van Leek dy't as ferfangend tsjinstplichtige yn de gemeente Raarendt oan it wurk set wurdt. Der docht bliken dat it asylsikerssintrum yn de gemeente op fersmoarge grûn stiet. Dat is ien ferhaalline. De oare is dat Van Leek yn kontakt komt mei Terpsi dy't ut Afrika komt. Mei har ûntwikkelet er in spesjale ban, dêr't konfrontaasje en relaasje ticht byinoar lizze. Echt mear wol Hein Jaap Hilarides op it stuit net oer de ynhâld kwyt. Boarnen fan ynspiraasje | Hy karakterisearret it boek as in realistyske roman, mei autobiografyske eleminten. Hein Jaap Hilarides: 'Ik bin yn in tal opsichten aardich ticht by mysels bleaun. Nei myn hbû-stúdzje miljeukunde yn Grins haw ik as ferfangend tsjinstplichtige in goed jier yn de gemeente Dongeradiel wurke. Ik wie der miljeu-ynspekteur. Ûnderfinings ut dy tiid komme yn it boek werom. In oare boarne fan ynspiraasje is in Iraanske ûnderbuorman ut Amsterdam, dy't ea nei Nederlan flechte is en op de nuverste plakken tahâlden hat. |
It makket in soad yndruk ast hearst wat asylsikers allegear oerkomt, faak yn negatyf, mar soms ek yn posityf opsicht. Okkerdeis, yn de diskusje oer Ayaan Hirshi Ali, sjochst de utersten goed werom fan de spanning yn en de brekberens fan de relaasje tusken Nederlanners en asylsikers.' Relaasje mei it Frysk | Ik kom dus fan it Bilt, dêr't ik oant myn achttjinde wenne haw. It dialekt dat yn it Bilt praat wurdt is it Biltsk, in ald-Hollansk dialekt. Ús mem is Friezinne. Ûnder oaren om dy reden kin ik it poerbêst prate en ferstean. It skriuwen haw ik letter leard. It manuskript foar Raarendt skriuw ik yn it Frysk, om't it as ûnderdiel fan de Fryske Modernen útjûn wurdt. Ik bin boppedat sjonger en muzikant en skriuw myn teksten yn it Biltsk. Dat stiet it tichtst by my.' Yn opdracht skriuwe | Hoe is it om yn opdracht in boek te skriuwen? 'Noflik. Tinkst langer nei oer de opset, in goed plot, ensfh. En hast der profesjonele begelieding by en krijst in beurs. Yn myn gefal haw ik kontakt socht mei Alpita de Jong, Fryske literatuerwittenskipper oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja wie it klankboerd en hat it manuskript ferbettere troch op in tal plakken perspektyf en banneling skerper te meitsjen. In beste set.
|
Bron: Eala ! Nieuwsbrief Cultuurbereik Fryslân